- Website Histoarysk Wurkferbân Wûnseradiel


De skoalle yn Gaast yn de 19de en begjin 20ste ieu 

Dit ferhaal fan Jiskje Algera en master Harmen  Reinders van der Meulen jout de ellinde oan wêr’t   gesinnen yn de 19e ieu mei te krijen hienen yn in  tiid fan beheinde sûnenssoarch. 

Jiskje is berne op 23-09-1831 yn Wûns en stjert op  25-08-1868 yn Gaast, 36 jier âld. Hja wie  troud mei Symon Bouwes Algera, soan fan  Bouwe Baukes Algera út Gaast en in neef fan  Jiskje. De heit fan Jiskje is Halbe Baukes,  timmerman yn Wûns en in broer fan  Bouwe  Baukes. 
Har omke en skoanheit Bouwe Baukes wie in grut  timmerman en ûntwerper fan boerepleatsen en  wetttermûnen yn Gaast en omkriten en hat om- ende-by 1820  syn hûs en timmerwurkpleats neist it  Tonneset oan de hjoeddeistige Sânleane boud. No  is dit it hûs fan Harmen en Anne, mar dat hûs is  faaks ferboud troch soan Sytze en pakesizzer,  Symon Bouwes. Alle trije wienen hja timmerman yn  Gaast. 

Yn de Kadastrale Atlas fan Fryslân fan 1832 komme  wy de namme fan Bouwe Baukes tsjin as eigner en  timmerman mei twa perselen grûn oan de noardkant  fan de Gaaster feart mei nûmers 248 en 249. In tún  fan 105 m² en hûs en hiem fan 360 m². 



In stikje skiednis fan it ‘Hoogveld’, noardlik fan  Gaast.
In oantal minsken út it doarp Gaast hie har bisten  op de mienskiplike greide fan de skoalle en dan  moasten hja oer it Tonneset en lâns it  timmerbedriuw fan Bouwe Baukes. It Tonneset wie  fan de floreenplichtigen en waard ûnderhâlden  troch Bouwe Baukes. In eintsje fierder oan deselde  kant fan de Gaaster feart stie ek in hûs mei hiem en  tún, grut 2270 m², dat wie fan de tsjerke. Fierder gjin  bewenning oan de noardkant fan de Gaaster feart.  Alle huzen en pleatsen stienen oan de súdkant fan  de feart en wienen ferbûn mei in modderrreed. Der  hat in wettermûne stien by de mienskiplike greide.  Soe Bouwe Baukes dizze mûne boud ha? De grûn  fan de meinskiplike greide is no yn eigendom fan  AllePiet en hy wrot der tige op om. De Gaaster feart  is no in sleat wurden foar de ôffier fan wetter en  wurdt al lang net mear brûkt as farwetter.    

Jiskje yn Wûns.
Symon Bouwes is berne op 19-05-1825 yn Gaast  en stoarn op 28-12-1859 yn Wûns.  Jiskje wie 28 jier âld doe’t Symon stoar. Symon wie  timmerbaas yn Wûns. Twa bern krigen hja, te witten: 
Halbe: berne 16-02-1857 yn Wûns en stoarn 25-11 -1922 ek yn Wûns
Bouwe: berne 25-10-1859 yn Wûns en stoarn 17- 02-1886 ek yn Wûns 

  • Jiskje lit eltsenien yn de Ljouwerter krante witte dat: 
    Het behaagde den hoogen Alregeerder heden van  mijne zijde weg te nemen, na eene wedergekeerde  ongesteldheid van weinige weken, in ruim 34  jarigen leeftijd, mijn geliefde Echtgenoot Sijmen B.  Algera, Mr. Timmerman in Wons, met wien ik  slechts 3 jaren en 6 maanden door den  huwelijksband verenigd was, mij nalatende twee  jonge kinderen.
    Allen die den overledene in zijn zachtmoedig  bestaan hebben gekend, zullen mijne droefheid en  die zijner ouders billijken. God trooste en sterke mij  en de mijnen om bij dit smartelijk verlies, in Zijne  altoos wijzen wil, ootmoedig en met onderwerping te  berusten.
    Wons, den 28 December 1859. J.H. Algera Wed.  S.B. Algera. 
    De Affaire blijft op den vorigen voet continueren.

Master Harmen van der Meulen komme wy yn it  boek ‘It Doarpslibben fan Gaast’ tsjin op side 41. 
Master hie al in pear oare skoallen hân foardat er yn  Gaast as haad oansteld wurdt. Wy lêze dat Harmen  yn 1830 as kwekeling(4e rang) yn Arum is begûn.  Yn Menaam yn 1849 mei in 3e en in  2e rang. Yn  1852 wurdt Harmen dan haad yn Gaast  mei in  traktemint fan ƒ 275,-- en de skoalpennings fan 35  bern. Doe’t Harmen as haad yn Gaast begûn wie  hy 38 jier. Hy wie berne yn Arum op 4 maart 1814. 
Master Harmen hie ek al in dreech houlikslibben  mei in soad ellinde achter de rêch. Syn earste frou,  Sijke Hoites Bakker, wie al stoarn en hy wie op ‘e  nij troud, no mei Klaaske Klazes Dijkstra, doe’t er in  Gaast kaam.
De famyljenamme Van der Meulen naam syn heit  oan yn 1811. Hy wie  mûnder fan in pel-mûne ûnder  Arum.
Harm hat net altyd skoalmaster west, wy komme  him ek tsjin yn akten as ‘Agent van Policie’ en letter  wie dat ‘veldwachter’. In akte út Makkum makket  gewach fan him en hy wie stasjonearre yn Boalsert.  It wie net in goed betelle baan en hoe’t hy dan ek  leare koe foar syn foech as ûnderwizer is net  bekind. Wol is bekend dat hy in jier nei syn houlik  fan Makkum nei Skuzum ferhuze om’t er wurkleas  wie en hja yn earmoede libben. Yn Skuzum is ek in  bern berne. In jier letter wenne it gesin yn Piaam. In  oantal jierren hat er wurkleas west en doe naam er  in baan oan as ûndermaster yn Menaam.  

Er werd in de onderwijswet van 1806 onderscheid  gemaakt in vier rangen met de volgende  omschrijvingen:
De vierde of laagste Rang bestaat uit dezulke, die  in het Lezen, Schrijven en de beginselen der  Rekenkunde, de regel van Drieën ingesloten,  tamelijk bedreven zijn, en tot het geven van  onderwijs, eenigen aanleg hebben. 
De derde uit dezulke, die, in het Lezen, Schrijven  en Rekenen, zoo met geheele als gebroken  getallen, wel ervaren, in derzelver toepassing op  zaken van het dagelijksch leven eenige  vaardigheid, van de beginselen der Nederlandsche  Taal eenige kennis, en van eene goede manier van  onderwijzen eenig begrip hebben. 
De tweede uit dezulke, die, zoo in het gewoon als  kunstmatig Lezen regt bedreven zijn, eene goede  nette hand Schrijven, de Rekenkunde, zoo,  Theoretisch als Praktisch, regt verstaan, de  voornaamste regelen der Nederduitsche Taal,  benevens derzelver gronden kennen, van de  Aardrijks-en Geschiedkunde eenig begrip hebben,  en eene genoegzame bekwaamheid en  geoefendheid bezitten in het geven van een  oordeelkundig onderwijs. 

Bevoegdheden van onderwijzers in de wet van  1857
Bij de invoering van de onderwijswet in 1857 verviel  het onderscheid in vier rangen. Er werd alleen  onderscheid gemaakt in hoofdonderwijzers,  hulponderwijzers en kwekelingen. 
Art. 5. Het schoolonderwijs wordt gegeven door  hoofd- en hulp-onderwijzers, hoofd- en  hulponderwijzeressen, en kweekelingen ,  mannelijke als vrouwelijke. Kweekelingen zijn zij,  die den ouderdom nog niet bereikt hebbende  waarop zij tot het examen als hulponderwijzer of als  hulponderwijzeres kunnen worden toegelaten, bij  het schoolonderwijs behulpzaam zijn.
Art. 6. Niemand mag lager onderwijs geven, die niet  in het bezit is der bij deze wet gevorderde bewijzen  van bekwaamheid en zedelijkheid. Vreemdelingen  behoeven bovendien Onze vergunning.
  


In oantal data út it libben fan Master Harmen:
• Harmen is berne yn Arum op 4 maart  1814, as soan fan Reinder Harmens van der  Meulen en Trijntje Luitens Algra.
• Kwekeling yn Arum 1830  yn in 4e rang.
• Trout as er 28 jier is mei Sijke Hoites  Bakker fan 24 jier. Troudatum 7 maaie 1842 yn  Wûnseradiel.
• It earste bern wie Reinder en is berne op  6 april 1843.
• It twadde bern wie Huite en is berne op 5  juni 1844.
• It tredde bern is Luitjen en berne op 23  september 1846.
• Luitjen wie 1 jier doe’t er stoar op 16 april  1848 yn Arum.
• Yn 1849 binne hja ferhúze nei Menaam  om dêr mei in 3e en 2e rang oan skoalle te stean.
• Yn Menaam is op 4 april 1849 wer in  Luitjen berne. Dizze twadde Luitjen stoar doe’t er fiif  moanne âld wie op 22 augustus 1849.
• Op 19 maaie 1850 wurdt der by Harmen  en Sijke in poppe dea berne. It wie doe gebrûklik  en jow sa’n berntsje gjin namme.
• Op 27 maaie 1850 stjert ek syn frou Sijke  yn ‘e kream, sy is dan  noch mar 32 jier âld.
• Master Harmen trout yn Menaam mei  Klaaske Klazes Dijkstra op 10 juni 1851.
• Op 8 maart 1852 it fiifde bern fan  Harmen. Klaas is syn namme en Klaaske is no de  mem
• Dan ferhúzet er yn 1852 mei Klaaske nei  Gaast en wurdt dêr haad fan de iepenbiere Skoalle  dy’t ûnder it behear fan de Tsjerke stiet. De skoalle  is yn dy tiid in hûs neist it tsjerkhôf. Foar is it wenhûs  fan de master. Dêr achter de skoalle en achteroan  in stâl en hiem. Sa is it oanjûn yn 1832 by it  Kadaster.
• Bern seis is in dochter en wurdt dan ek  yn Gaast berne op 23 novimber 1854 en krijt as  namme Trijntje.
• Op 17 februari 1856 stjert Klaas as jonge  fan trije jier yn Gaast.
• Bern sân is wer in Klaas en is berne op 6  april 1856. Dat sil wol swier west hawwe sa nei de  dea fan de earste Klaas.
• Harmen wurdt wer widner as syn twadde  frou Klaaske stjert op 18 april 1864. Wy kinne wol  stelle dat de kream hiel wat memmen it libben koste  hat. De kreamsoarch en de hygiëne lieten te  winskjen oer.  
• Hy trout foar de tredde kear en no mei  Jiskje en wol op 8 desimber 1864. Harmen wie doe  50 jier en Jiskje 33. It tal bern wie grut en der wie  soarch yn de húshâlding nedich. As wy it sa  neigean dan wienen dêr doe bern fan Harmen en  syn beide ferstoarne froulju: Reinder (1843); Huite  (1844); Trijntje (1854); Klaas (1856). Sadat de  húshâlding fan Jiskje en Harmen en harren seis  bern 8 persoanen grut is, ek de twa fan Jiskje telle  wy der by.
• Harmen en Jiskje krije Catrinus yn Gaast  op 1 oktober 1865 en Catrinus stjert op 27 oktober 1865,  hast fjouwer wike âld.  

De advertinsjes yn de Ljouwerter Krante litte it  barren by Jiskje en Harmen sjen.    

Yn ‘e krante fan 16 desimber 1864 lêze wy:  
ALGEMEENE   KENNISGEVING.  
Getrouwd te Bolsward 8 December 1864:  
H. v.d. Meulen, Hoofdonderwijzer te  Gaast, en H. Algera, van Wons. 

Nieskjen rekket yn ferwachting en yn ‘e krante fan  6 oktober 1865:  
Bevallen van een ZOON   NIESKJE  H.   ALGERA,  
Echtgenoote van H. v.d. MEULEN,  Hoofd-onderwijzer.  
Gaast, 1 October 1865. 

Mar it gong net goed mei it lytse jonkje, yn ‘e krante  fan 31 oktober 1865:  
GAAST, 27 October 1865.  Onze lieve  CATRINUS,   voor 4 weken geschonken, werd ons  heden door den  Heer ontnomen.  
H. v.d. MEULEN,  Hoofd-Ond.       NIESKJE  H.  ALGERA.  
Berigt aan belangstellende Vrienden en  Bekenden. 

Yn 1866 rekket Nieskje wer yn ferwachting en hja  krijt yn 1867 alwer in soan:  
Bevallen van een Zoon N. H.  ALGERA,
Echtgenoote van        H. v.d. MEULEN,  Hoofdonderwijzer.  
Gaast, 31 Maart 1867 

Dizze soan, Catrinus Harmens v.d. Meulen, berne  31-03-1867 yn Gaast en stoarn 11-02-1950 yn Pella  Jowa USA, wie útjower fan it ‘Sioux Center News’. 

Nieskje wurdt in goed jier letter sels siik, yn ‘e  krante fan 28 augustus 1868 lêze wy:  
Heden overleed, in den ouderdom van  bijna 37 jaren,  mijne waarde Echtgenoot NIESKJE   HALBES  ALGERA.  
Zij bezweek na een lijden van 12 weken,  waarin het  bleek dat ze geleerd had, op christelijke  wijze, het  opgelegde kruis te kunnen dragen.  
Hoewel bedroefd, mag ik haar toch met  eene gegronde  hope nastaren.  
24 Augustus 1868.        
H. van der  MEULEN.                        Hoofonderwijzer. 


Oer de skoalle fan Harm v.d. Meulen, himsels en al  wat dêr mei gearhinget: 

Master Harmen hat de bouw fan de nije kristlike  skoalle net mear meimakke. Doe’t Jiskje stoar wie  hy 55 jier en foar de tredde kear widner. It argyf jout  net oan oft er wer in houlik oangien is.
Troch de nije wet  dy’t in iepenbiere skoalle  foarskriuwt, moast master syn baan opsizze. Van  der Meulen wurdt haad ôf en gong mei hûs en  skoalle oer nei it bysûnder ûnderwiis. Blykber in  pear dagen te gau, dêrom moat er him  ferantwurdzje foar de rjochter. 

Master Harm van der Meulen foar it gerjocht.( Yn ‘e  krante fan 22 juny 1869):
Naar wij vernemen, zal aanstaanden woensdag, 23  dezer, voor de regtbank van Sneek teregt staan de  heer H. v.d. M., die met den laatsten Maart dezes  jaars zijn ontslag heeft genomen als aan de  openbare school te Gaast en vervolgens van den  eersten April af is opgetreden als bijzonder   onderwijzer aan het hoofd der school voor  christelijk-nationaal lager onderwijs te Gaast. Hij  wordt  nu, ingevolge een proces-verbaal van  den district-schoolopziener, vervolgd ter zake dat  zijne stukken als bijzonder onderwijzer nog niet in  orde waren en hij alzoo eenige dagen  onbevoegelijk  lager onderwijs heeft  gegeven.Voor den beklaagde zal, naar men ons  meldt, als raadsman optreden de heer mr. T. van  Hettinga Tromp. 


Krapoan 5 jier hat er dernei noch master oan de  bysûndere skoalle west doe’t er hommels ferstoarn  is. De advertinsje is ûndertekene troch de âldste  soan, Reinder van der Meulen. 

Rouadvertinsje yn ‘e krante fan 28 augustus 1874:

Hjirneist in foto fan de âlde skoalle. Master wenne  mei syn bern yn it foarste part. Yn it midden de  skoalle en achteroan in stâl.     


Master syn twadde soan Huite hat in skoftsje  skoalmaster yn Ferwâlde west, fan 1869 oant 1875.  Hy waard H. van der Meulen Jr. neamd om’t de  namme fan syn heit ek H. van der Meulen wie. Dy  krige Sr. achter syn namme. Hy naam yn 1875  ûntslach yn Ferwâlde en hy hie hope yn Gaast oan  de slach te kommen, mar dat slagge net en master  Ornée waard it nije haad fan de skoalle. Wie Huite  somtiden net goed genôch? Wy witte it net. In oare  suggestje kin wêze dat de famylje net kristlik  genôch wie. Pake yn Arum hie syn bern net dope  litten en wie net lidmaat fan de tsjerke.
Yn it boek fan Ferwâlde lêze wy dat hy nei  Toppenhuzen gong. Mar wy witte net wat foar wurk  hy letter dien hat. Wol witte wy út de argiven dat hy  nea troud west hat en stoarn is yn Zeist as 88- jierrige.

Yn it Uterts argyf fine wy:  Overlijdensakte met toegangsnr. 463, inventarisnr.  573 en aktenummer 57
Aangiftedatum: 24-02-1933
Overledene: Huite van der Meulen
Geslacht: M Overlijdensdatum: 23-01-1933
Leeftijd: 88
Overlijdensplaats: Zeist
Vader: Harmen Reinders van der Meulen
Moeder: Sijke Huites Bakker
Relatie: ongehuwd 

De nije skoalle fan 1875

 
Yn 1875 wurdt der  in nije skoalle boud troch Sytze  Algera, in neef fan Jiskje. Sytze hat de timmerzaak  fan syn heit, Bouwe Baukes, oernommen in 1867.


In 1875 hat hy de nije Kristlike skoalle boud  foar ƒ  4400. “De kerkvoogden wilden geen aanbesteding  doen, dat kostte immers maar tijd en geld en Algera  bouwde het beste”. De nije skoalle, fan de  herfoarme tsjerke, wie foar it bysûnder ûnderwiis  bestimd en de nije iepenbiere skoalle kaam yn de  swierrichheden 


Dernei krije wy yn 1875 P.B. Ornée, yn 1880 S.  Hempenius, yn 1883 P. Westerhof en fanôf 1885  oant 1906 is Abraham Koebrugge ( berne 31-12- 1836, frou en 8 bern en it 9de  bern is yn  Gaast  berne) it haad fan de kristlike skoalle.  Hja wennen  yn it skoalhûs, wat no in diel is fan de Fûke.Yn  1886-1887 binne de beide skoallen foar bysûnder  ûnderwiis fan Gaast en Ferwâlde kombinearre, mar  dat harmoniearre net en waard nei in jier al wer  ferbrutsen Yn 1906 is Koebrugge 70 jier en giet dan  mei pensjoen. 

Wy komme in berjocht dêroer yn ’e ‘Staatscourant’  fan 9 january 1908 tsjin:    
Bij Kon. Besluit is pensioen verleend aan  de heer A. Koebrugge,   
hoofd der bijzondere school te Gaast, ƒ  627.
 

Fan 1906 oant 1909 hat C. Tolsma út Seisbierrum  de lieding yn ‘e skoalle. Dêrnei komme wy de  master  fan Douwe Algera tsjin, Joh. Martens út  Koudum, dy is haad oant 1925. Douwe Algera hat it oer sintels yn de Boerestreek.  Yn 1922 binne dizze opromme en kaam der in  ‘kunstweg’ nei Fiskersbuorren. 

Yn de 19de ieu hat de gemeente Wûnseradiel in  nije iepenbiere skoalle yn Gaast bouwe litte. It  ûnderwiis wie mei de wet út 1857 in saak fan de  boargerlike gemeente wurden en dêrom moast it  ûnderwiis neutraal wêze. Op 1 july 1872 wie it safier  en de nije iepenbiere skoalle koe iepene wurde.   Der kaam lykwols op ‘e nije skoalle hast gjin  learlingen. It haad fan dizze nije skoalle, Heinze  Tijmens van Warners út Wommels is yn 1884 nei  Arum ta gongen. Fan 1884 oant 1888 wie B. Smits  haad en yn 1888 is de iepenbiere skoalle sletten.  

Yn in krante fan augustus 1888 it neikommende  artikel:
Door Ged. Staten is goedgekeurd het besluit van  den Gemeentenraad van  Wonseradeel,tot  opheffing van de openbare lagere school te Gaast.  Die school wordt nog slechts door vijf leerlingen  bezocht. De vier hoofden der huisgezinnen, uit  welke die leerlingen komen, hebben verklaard, niet  te verlangen dat de school ten hunnen behoeve  blijft bestaan. Het hoofd der school was reeds met 1  Juli naar Dedgum en de onderwijzeres in de nuttige  handwerken eervol ontslagen. 

Der is fan alles besocht om de skoalle oan 'e gong  te krijen mar ta eintsjebeslút is de skoalle oan de  grifformearde tsjerke ferkocht. Dit kaam de nije  synoadale grifformearden goed fan pas, want hja  woenen nei de doleânsje, ôfskieding fan de  grifformearden út de Herfoarme Tsjerke, wol in  eigen ûnderkommen ha. In nije grifformearde dûmny  soe der komme moatte en in nije pastorije. Om’t de  doarpen Gaast, Ferwâlde, Piaam en Skuzum  gearwurken kaam de nije grifformearde pastorije yn  Gaast, want dêr koene hja de grûn fergees krije  troch in grifformearde ´broeder´ dy’t in oantal  betinksten hie foar de kommende 100 jier.We lêze  yn it doarpsboek fan Gaast dat de timmerlju Algera (Sytse) en Draisma de pastorije boud hawwe foar ƒ  3975,--. 
Yn jannewaris 1891 is de pastorije klear en kin de  earste ‘tsjinner’ deryn. Mar no dwale wy ôf, want wy soene it skoallibben  fan Gaast taljochtsje. Sa’t jimme lêze kinne hawwe  wy in oantal masters neamd, mar master  Harmen van der Meulen yn it bysûnder, om sjen te  litten dat it krijen fan bern en it yn libben hâlden yn  de 19e ieu net sûnder soargen wie. Wol meitsje jo  út de advertinsje en stikjes yn ‘e krante op dat it  kristlik leauwen doe tige wichtich wie om noch wat  hope te hâlden. 


 

Index pagina

Vorige pagina

 

Histoarysk Wurkferbân Wûnseradiel