"Wilsterflappen" fan A. Veenstra.

Foto: 31614 Mal voor halve lokvogel plus beschilderd eindprodukt en lokfluitje (fam. Roosjen)

 

Echte Seedyksters

Yn Aldnijs, it blêd fan de stichting Ald Makkum stie yn 1997 in resinsje by it ferskinen fan it boekje "Wilsterflappen" fan A. Veenstra.

Doeke en Klaas Posthuma de Boer

It fangen fan fûgels waard ek yn Makkum en omkriten, lâns de seedyk en op 'e waarden in soad beoefene. Yn Koarnwert, ûnder oan de dyk op nei Houw ta, wennen de bruorren Doeke en Klaas Posthuma de Boer. Hja kamen ût in hûshâlding mei 9 bern, 6 jonges en 3 famkes. Beide mannen trouwden net. Doeke wie timmerman en ûtfierder. Klaas fiske bûten- en binnendyks foaral op iel. Hy die ek de hûshâlding.
Begûn de trek fan it wetterwyld dan teagen se der tegearre op út. Se jeiden dan fan út yngroeven kisten. Foar dizze jeierij hie Doeke sels in eigen ferbetere kiste úttocht. Hoe ien en oar no krekt wurke witte wy net. Mar de mannen bliuwden droech, hoe 't wetter ek te kear gie.
Omdat it boekje inkeld oer de wilsterflapperij giet wurdt der spitich genôch net fierder op yngien. Yn wilster is in ''goudpluvier'' en famylje fan de ljip de ''kievit''.
Foar dizze fangerij makken de bruorren al it reau sels en dit wurk handige de mannen tige. De netten, houten lokfûgels, lokfluiten ensafuorthinne. It guod waard ek foar oaren makke en Doeke gie regelmjittich sels mei syn hannel nei Ljouwert, wer 't hy ferkeapadreskes hie. 
Foaral de fluitsjes wiene ferneamd en stiene bekend as it 'Koarnwertermodel'. De bruorren hiene al ridlyk gau in motorfyts en men wol beweare dat de betûfte niffelers ek it prinsype foar de 'wankelmotor' al útfûn hiene foar dat dit earne oars tapast waard.
Hoewol se inkeld houtene lokkers yn 'e ferkeap hiene, eksperimentearden de mannen ek mei lokfûgels makke fan papier-maché.
Nei alle betinken omdat de houtene faaks wat swier útfoelen. It ferhaal giet dat oare jagers wol op de lokkers skeaten as se yn it fjild stiene, sa echt wie de beskildering en like de fûgel.

De skriuwer fan it boekje, A. Veenstra, siket ek Sierk Roosjen op, dy 't tichteby de bruorren Posthuma de Boer wenne en ek wol lokkers makke. Hy hat sels noch in mal fan Doeke. Tegearre mei Bouke Kuipers fan Makkum ha se foar him, nei dit foarbyld, nochris in papieren wilster makke.
Bouke Kuipers makket noch steeds sels syn lokkers, net allinne wilsters mar ek ljippen, strânljippen en guozzelokkers. Hu komt út in wier wilsterflapperslaach. Syn pake, heit en treie omkes wiene allegearre fangers. Pake fan men har kant en de omkes wiene Roedema's en kamen fan it Houw.
Ien bysûndere fangst fan Bouke wurdt optekene. Mei syn heit fong er doe 322 fûgels op 'e Súdwaard ûnder Makkum. Yn de earste slach wie it doe al raak, 32 stiks. Mei syn pake ha se sa alris mei de earste slach 50 fongen, mar sa seit Bouke, sokke grutte deifangsten wiene earder útsûnderingen as regel. Deifangsten fan boppe de 100 stiks barden net al tefolle.

Fierder yn it boekje lêze we dat de fongen fûgels faaks nei poelier Tjeerde yn Warkum giene, se brochten dan tusken de 40 en 50 sint it stik op.
Op syn sneuptocht nei lokfluitsjes komt Veenstra ek by Hessel Tuinier. Dizze hat syn samling fluiten makke nei in foarbyld dat er ea ris fan Gaaster Bouke fan Kalsbeek krige. Fan Bouke wie bekind dat hy syn fluitsjes meitsje lit troch Doeke Posthuma de Boer fan Koarnwert, en doe wie it spoar rûn.

O. Gielstra yn Aldnijs 18, mei 1997. Donateursblad van de stichting Ald Makkum.


 

Foto: 31914Doeke en Klaas op de motor

foto: 31913
Uit het zakboekje van Klaas: Den 11 November 1908 heeft Klaas Posthuma de Boer een vreemde Vogel geschoten met name Vlamingo.    

 

Reageren